Nijbou yn Ferwert

28 aug 2013 - 16:06
  • Nijbou yn Ferwert

Yn Ferwert begjint Wonen Noordwest Friesland mei de bou fan 16 nije wenten. It giet om senioarewenten dy't geskikt binne foar ien- of twapersoanshúshâldens. De earste peal is woansdei symboalysk slein. De ôfrûne tiid binne 23 bot ferâldere huzen sloopt yn it doarp Neffens wethâlder Haije Talsma fan de gemeente is de nijbou goed foar de leefberens yn it doarp. Meiïnoar ynvestearret Wonen Noordwest Friesland trije miljoen euro yn it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)