Nijbou yn Doanjum

07 sep 2012 - 09:45

Frjentsjerteradiel wol flink ynvestearje yn Doanjum. In tal twa-ûnder-ien-kapwenningen wurdt sloopt, om der nije foar yn it plak te bouwen. Dat binne der minder as it oantal dat ôfbrutsen wurdt. Neffens de gemeente is it op 'e nij strukturearjen hurd nedich. De nije wenningen wurde enerzjysunich en geskikt foar âlderen. De ried hat der woansdeitejûn oer praat en is yn mearderheid foar it plan. Nei Doanjum folgje mear doarpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)