Nijbou Wiarda Ljouwert tastien

27 feb 2013 - 12:22

De gemeente Ljouwert kin los mei de bou fan 300 wenten yn de wyk Súdlannen. De Raad van State hat woansdei sein dat de wenningen yn it plandiel Wiarda der komme meie, nettsjinsteande de beswieren fan doarpsbelang Goutum en Milieudefensie. Mei dizze útspraak is it bestimmingsplan no definityf.

De foarsitter fan doarpsbelang Goutum lit yn in earste reaksje witte it hjir by te litten. Earder wie der beswier tsjin it plan om't de gemeente te min sjoen hie nei it belang fan de greidefûgels.

Grûneigeners yn de omkriten fan Jorwert soenen ree wêze om de greidefûgels oer te nimmen. Dêrrmei îs dat oplost.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)