Nijbou wetterkampus Wetsus los

03 okt 2013 - 12:20
  • It keunstwurk dat by de nijbou fan Wetsus komt te stean.

Op it earder Atoglas terrein yn Ljouwert is tongersdei begûn mei de bou fan it nije ûnderkommen foar wetterynstút Wetsus. De gemeente Ljouwert en de provinsje stekke 20 miljoene euro yn de earste fase fan de útwreiding fan dizze saneamde wetterkampus.

It nije gebou hat in opfallend ûntwerp en moat ek as fisitekaartsje tsjinje foar de wetterkampus dêr't universiteiten, hegeskoallen en it bedriuwslibben gearwurkje op it mêd fan wetter. De romte wurdt foar 80% brûkt troch Wetsus, dat no noch yn hegeskoalle Van Hall sit.

Fanwege de taname fan it oantal studinten wie der mear romte noadich. Wettertechnology moat foar tûzenen nije banen soargje yn it noarden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)