Nijbou Wetsus hast klear

02 okt 2014 - 07:28

It ynstitút foar wettertechnology Wetsus ferhuzet meikoarten nei it nije ûnderkommen oan De Potmarge yn Ljouwert. It opfallende gebou kostet mear as 20 miljoen euro. De nije Wetterkampus moat it fisitekaartsje wurde as it wettertechnysksintrum fan Europa.

Op dit stuit wurkje sa'n 70 ûndersikers en 50 man oar personiel bij Wetsus. Dat tal moat yn 5 jier tiid mear as ferdûbele wêze. Yn hiel Fryslân wurkje sa'n 300 heech-opliede minsken yn de wettertechnyk, dat moatte der yn 2020 mear as 2000 wêze. De provinsje lûkt dêr 13 miljoen foar út.

De ferhuzing wurdt oars noch in hiele operaasje. De proefopstellingen fan Wetsus, dy't no noch yn it Van Hall-ynstitút steane, moatte nammentlik ek meiferhuzje en meie dêrby net tefolle fersteurd wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)