Nijbou Weidenaar yn Dokkum

26 jun 2003 - 00:00

Slachter Weidenaar fan de priiswinnende rikke woarst bout foar 3 miljoen euro nij yn Dokkum. De earste peal foar it fabryk dat yn novimber klear wêze moat, gie woansdei de grûn yn. It bedriuw giet dêrtroch út Nijewier wei. Dêr wiene gjin útwreidingsmooglikheden.

Op de nije lokaasje kin Weidenaar de produksje mei hûndert persint ferheechje. It bedriuw giet yn novimber oer. De Weidenaars bliuwe wol yn Nijewier wenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)