Nijbou VV Drachtster Boys begûn

08 okt 2002 - 00:00

De tûzen leden fan fuotbalferiening Drachtster Boys ha ynkoarten in hast folslein nije akkomodaasje. Yn it Drachtster Bosk is tiisdei begûn mei it heiwurk foar de nijbou.

Ek de fjilden wurde renovearre. Der wurdt mei inoar foar inkelde miljoenen ynvestearre. De gemeente Smellingerlân betellet in grut part fan de kosten. De âlde kantine baarnde ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)