Nijbou tolve wenten yn Tsjummearum begûn

01 jun 2015 - 19:40
  • De earste peal fan de nijbou by Nij Bethanië

Tsjummearum krijt der tolve nije wenten by. De earste peal is moandei slein, mar feest is it perfoarst net. Dat komt omdat it doarp him noch hieltyd net fine kin yn it beslút fan soarchynstelling Noorderbreedte, om fersoargingstehûs Nij Bethanië te sluten.

De wenten makken ûnderdiel út fan in grut renovaasjeplan, wêrby't ek Nij Bethanië ferboud wurde soe. It wie de opstekker fan it doarp. Mar dat plan is ôfblaasd troch Noorderbreedte. De tolve hierwenten wurde wol boud en binne geskikt foar gesinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)