Nijbou Thialf kin bou helpe

21 okt 2012 - 16:43

Nijbou fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean soe de Fryske boubedriuwen troch de krisis hinne helpe kinne. Dat aspekt fan de diskusje moat de Fryske polityk net oer de holle sjen. Dat seit algemien direkteur Henk Dedden fan boubedriuw Friso fan Snits. Syn bedriuw soe it nije iisstadion hiel graach bouwe wolle. Mooglik soene tûzen boufakkers twa oant trije jier wurk hawwe kinne oan it projekt.

Provinsjale steaten beslute yn desimber oer (fer)nijbou op it besteande plak. Dat soe 50 miljoen euro kostje moatte.

Boubedriuw Friso hat ek it besteande stadion boud. It bedriuw wie ek belutsen by de fernijing fan de baan en de bou fan de iishockeybaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)