Nijbou skoallen Swetten skrast

13 mrt 2009 - 14:57

Der komme foarearst gjin nije skoalgebouwen yn wyk de Swetten yn Drachten. Der leine plannen om foar iepenbiere skoalle de Swetten, kristlike skoalle 't Ambyld en it wyksintrum in nij gebou te bouwen.

Mar omdat de skoalbestjoeren en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders it net iens wurde kinne, binne de plannen no fan tafel. De 4,8 miljoen dy't der al foar reservearre wie, wurdt no brûkt foar in grutte nijbou fan it Liudger Kolleezje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)