Nijbou skoallen De Gordyk

18 des 2012 - 18:15

De finansiering foar de bou fan twa brede skoallen op De Gordyk is rûn. Oer de plannen wurdt al jierren praat. It tal iepenbiere basiskoallen yn it doarp wurdt fan fjouwer werombrocht nei twa. OBS De Tsjerne en OBS De Vlieger fuseare en komme yn in nije skoalle by de wyk Loevestein. Ek de iepenbiere skoallen Trimbeets en De Flambou komme byinonar yn in te bouwen brede skoalle.

De bou fan de twa skoalgebouwen kostet sa'n sân miljoen euro. Wannear't de bou krekt úteinsette sil is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)