Nijbou skoalle Grou útsteld

01 aug 2000 - 19:39

De nijbou fan OSG Sevenwolden en de bibleteek yn Grou kin foarearst net út ein sette. De oanbesteging is noch net gund oan in oannimmer, omdat sels de leechste offerte noch hast 25 prosint djoerder wie as it bedrach dêr't de gemeenteried mei ynstimd hat.

De grûnpriis soe yn in jier bot omheech gien wêze. Der sil no besocht wurde noch te besparjen op ûntwerp en útfiering.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)