Nijbou revalidaasjesintrum

15 nov 2000 - 09:44

Revalidatie Friesland mei in nij revalidaasjesintrum bouwe yn Beetstersweach. It College Bouw Ziekenhuisvoorzieningen hat dêr tastimming foar jûn.

De nijbou moat in grut part fan de besteande gebouwen oan 'e Haadstrjitte ferfange. It monumintale haadgebou bliuwt stean en wurdt renovearre. By de klinyk wurde ek in oanpaste sporthal en in swimbad boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)