Nijbou provinsjehûs befrieze?

03 nov 2003 - 00:00

In mearderheid yn de Provinsjale Steaten wol it beslút om in nij provinsjehûs te bouwen wer besjen. By de Algemiene Skôgings stelde Versteeg, fraksjefoarsitter fan de PvdA, moandei út om de nijbouplannen te befriezen.

De steatefraksje fan GrienLinks slút him hjirby oan; en ek it CDA set fraachtekens by de plannen. De nijbou soe 80 miljoen euro kostje moatte. In mearderheid fynt net dat dat yn dizze tiid fan besunigingen kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)