Nijbou Noorderhoek Snits los

17 sep 2009 - 18:41
  • In ympresje fan de nijbou

Heal novimber wurdt yn Snits begûn mei de nijbou yn de wyk Noorderhoek. Der komme 32 apparteminten, in soarchsintrum mei 30 apparteminten en in enerzjygebou. Dat gebou fersoarget de ferwaarming en kuolling fan de nijbouhûzen. Dêrfoar wurdt it ôffalwetter fan de bewenners brûkt.

It hat lang ûnwis west wannear't de bou begjinne soe. It bouterrein hat lang braak lein. De nije hûzen wurde oer likernôch in jier oplevere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)