Nijbou MFC De Hommerts/Jutryp

12 apr 2011 - 21:19

Der komt definityf 278.000 euro foar de útwreiding fan it doarpshûs fan De Hommerts-Jutryp. Dat hat it kolleezje fan b. en w. fan Súdwest Fryslân besletten.

De âlde gemeente Wymbritseradiel hie al jild foar de útwreiding reserveard. By it doarpshûs komme ûnder oaren nije klaaiboksen en romte foar de bûtenskoalse opfang. Wymbritseradiel hie yn it ferline altyd frij romme subsydzjeregelingen foar doarpshuzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)