Nijbou McDonalds ropt beswier op

21 des 2005 - 08:01

De weropbou fan de McDonalds yn Goutum ropt in protte beswieren op. Der binne tsientallen beswierskriften tsjin yntsjinne. It fastfoodrestaurant baarnde yn oktober folslein ôf. De ûndernimmer moat foar de weropbou in fergunning hawwwe en dat smyt problemen op.

De Goutummers sizze lêst te hawwen fan lawaai, ferkear, omhingjende jongerein en stank. Tiisdei oerleit eigner Haanstra mei de buertbewenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)