Nijbou Makkumer skoalle djoerder

13 nov 2004 - 17:02

De útwreiding fan de Martinusskoalle yn Makkum falt djoerder út as earder tocht waard. Troch in fersakking yn de fundearring kostet it oanbringen fan in ekstra ferdjipping hast 20.000 euro mear as earder begrutte.

De gemeente Wûnseradiel, ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan it skoalgebou, besiket in diel fan de kosten werom te krijen fan de fersekering. De útwreiding kostet ek mear omdat de arzjitekt de kosten te leech ynskat hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)