Nijbou Ljouwert stilfallen

24 apr 2009 - 14:36
  • Der is hast gjin nijbou mear yn Ljouwert...

De bou fan nije wenten yn Ljouwert is yn it earste fearnsjier fan 2009 ynstoart. Yn de earste trije moanne waarden mar 51 huzen oplevere. De gemeente wol eins alle jierren tusken de 400 en 600 wenten bouwe litte, mar de kâns dat yn 2009 slagget is lyts.

Dat leit benammen oan de ekonomyske krisis. De gemeente is dêrom yn petear mei projektûntwikkelers en banken om te sjen oft der op in oare wize boud wurde moat. De bou fan goedkeape wenten wurdt nei foaren helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)