Nijbou Lidl op It Hearrenfean

04 jul 2011 - 19:34

Lidl Nederlân lit in nij distribúsjesintrum bouwe op It Hearrenfean. Tiisdei wurde dêr de hantekens foar set. Lidl siet ek al op It Fean, op De Kavels, mar dy lokaasje is oan ferfanging ta. Op it Ynternasjonaal Bedriuwepark is no in nij plak fûn.

Op in lokaasje fan 12 hektare komt it nije distribúsjesintrum. Dêrút wei wurde goed 80 Lidl-supermerken yn hiel Noard-Nederlân befoarriede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)