Nijbou klear 4 jier nei ATF-brân

13 maaie 2004 - 00:00

Offalbedriuw Van Gansewinkel, it eardere ATF, nimt tongersdei in nije hal yn gebrûk. Dêryn is plak foar de opslach fan gemysk ôffal. Fjouwer jier ferlyn baarnde de ATF-hal ôf. Dêrby giene tonnen oan gemyske stoffen de loft yn.

De nije hal foldocht oan alle easken fan miljeu en feiligens. It Iepenbier Ministearje ûndersiket de brân noch altyd. Fraach is oft de ATF-direksje strafrjochtlik oanspraaklik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)