Nijbou Jansma Burdaard iepene

13 apr 2013 - 10:09
  • Direkteur Jansma fersoarge sels rûnliedings troch it fabryk
  • It is dit wykein iepen hûs by Jansma Burdaard
  • Besikers yn de loads fan Jansma Burdaard

It is dit wykein topdrokte by Jansma Burdaard. De produsint fan keunststof kezinen en dakkappellen hat it eigen ûnderkommen mei eigen meiwurkers fernijd en útwreide mei in nije showroom. It bedriuw is grutsk op de nijbou en wol dy graach oan hiel Burdaard en alle relaasjes en klanten sjen litte.

It kezinefabryk liket aardich troch de krisis te skarreljen, benammen tanksij opdrachten fan partikulieren. Troch krekt yn dizze tiid te ynvestearjen yn it bedriuw wol de direksje klear wêze foar de takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)