Nijbou fuotbalclub Droegeham

26 feb 2005 - 17:38

Fuotbalclub Droegeham moat in nije kantine ha, omdat de âlde net mear oan de easken foldocht. Sa is it plafond te leech en wurdt ek net foldien oan de brânfeiligens-easken. De nijbou kostet 150.000 euro. De fuotbalclub moat dêrfoar in liening ôfslute en hat de gemeente frege garant te stean.

Om jild út te sparjen sil de kantine boud wurde troch frijwilligers fan de club. De bou sil op koarte termyn útein sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)