Nijbou Frittemahôf útsteld

24 okt 2003 - 00:00

De nijbou by fersoargingshûs Frittemahôf yn Snits begjint letter as it doel wie. Ien fan 'e buorlju hat beswier om't it gebou te heech is. De saak leit no by de rjochter dy't meikoarten útspraak docht.

It gebou jout plak oan sechtsjin ferstanlik handikapten. Kommende woansdei soe de earste peal slein wurde, mar dat giet oer. Yn 'e nijbou binne ek de Wenningstichting De Wieren en wensoarchgroep De Frissel behelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)