Nijbou foar skoalle De Finne

20 jan 2001 - 15:20

De iepenbiere skoalle De Finne yn Warten krijt in nij gebou. De skoalle wie op Nijjiersdei 2000 folslein ôfbaarnd. De bern krije no al mear as in jier les yn trije needgebouwen.

De gemeente Boarnsterhim moat noch akkoart gean mei de nijbou dy't op itselde plak as it âlde gebou komt. Der is 1,5 miljoen gûne en dat is 4 ton te min. Yn 2002 moat de skoalle klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)