Nijbou foar sintrum Gytsjerk

23 jan 2014 - 16:09

Der komt lang om let nijbou yn it sintrum fan Gytsjerk. Op in braak lizzend stik grûn komt in nije Albert Heijn-supermerk. Dêrneist komme der mooglik ek oare lokale winkels. De gemeente Tytsjerksteradiel hat grûn oankocht fan wenningstifting WoonFriesland. Mar dat stapte ferline jier as projektûntwikkeler út it plan.

Der komt gjin moetingssintrum foar doarpsbewenners yn de âlde winkelgebouwen. De gemeente wurket yn de plannemakkerij gear mei doarpsbelang. Der wurdt al tsien jier praat oer in nij winkelsintrum foar Gytsjerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)