Nijbou foar De Wingerd

28 aug 2009 - 14:50
  • De Wingerd mei nij bouwe

De Wingerd yn Damwâld mei lang om let nij bouwe. De skoalle foar spesjaal ûnderwiis is al sân jier dwaande mei in nij gebou, mar dat waard hieltyd útsteld fanwege protesten. Noch ien buertbewenner hâlde it tsjin, mar de rjochter hat dêr no in stokje foar stutsen.

Nijbou is nedich om't de bern yn te lytse lokalen sitte. Al jierren wurde needlokalen brûkt. Nije wike giet de bou fan start.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)