Nijbou feilingterrein Berltsum

26 des 2007 - 10:57
  • Twahûndert nije hûzen foar Berltsum

Berltsum krijt in nije wenwyk op it âlde feilingterrein midden yn it doarp. De gemeente Menameradiel en de projektûntwikkelders binne it iens oer de bou fan twahûndert wenten en it skjinmeitsjen fan de fersmoarge grûn. Der sit kwik yn, dat brûkt waard om ierappels syktekym-frij te meitsjen.

De kwestje fan de smoarge grûn wie de reden dat alles sa lang duorre. Yn de wyk komme keapwenten, mar der is ek romte foar sosjale wenningbou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)