Nijbou De Stelp op It Amelân

16 jul 2013 - 10:59
  • Soarchsintrum De Stelp op It Amelân

De nijbou fan soarchsintrum De Stelp yn Hollum op It Amelân set begjin takom jier út ein. Dy komt op itselde plak, sa hawwe soarchgroep Pasana en de gemeente ôfpraat. Yn de nije Stelp komme 25 ferpleechhûskeamers en 25 plakken foar wenjen mei minder yntinsive soarch. Yn it nije gebou komt ek in multyfunksjoneel moetingssintrum.

Trije moanne ferlyn kaam nei bûten dat de brânfeiligens fan it besteande soarchsintrum De Stelp tige min is. Der waard doe in smookferbod ynsteld en in ferbod op iepen fjoer yn it sintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)