Nijbou Blierherne iepene

14 nov 2010 - 08:00

Mei it ûntbleatsjen fan it nammeboerd is sneon yn Nes op It Amelân de nijbou fan kampearbuorkerij Blierherne offisjeel yn gebrûk naam. It ôfrûne jier hat in oannimmer it besteande gebou ferfong troch nijbou dy't oan alle brânfeiligenseasken foldocht.

De buorkerij is eigendom fan de Vereniging van Vrijzinnig Hervormden yn Fryslân. Dy kocht it gebou nei de de Twadde Wrâldoarloch en organisearre der jierrenlang simmerkampen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)