Nijbou apparteminten Boalsert

18 jul 2012 - 15:46

Yn Boalsert kin begûn wurde mei it bouwen fan apparteminten, in nije Aldi en oare bedriuwsromten. Dat bart op it plak fan it Arrivaterrein. Yn it kompleks komme 27 hier- en 12 keapapparteminten. De gemeente, de ferfierder en de projektûntwikkeler ha in oerienkomst tekene. Earst moat de grûn fan it besteande busstasjon skjin. Oan de westkant fan it terrein komt in tydlik busstasjon foar oardel jier. Dêrnei komt op in oar plak in permanint busstasjon. De gemeente praat dêr noch oer mei de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)