Nijbeetster fernielt auto's mei in bakstien

30 maaie 2015 - 11:37

In 20-jierrige man út Nij Beets is yn de nacht fan freed op sneon oanholden foar it fernielen fan twa auto's oan de Feart yn Oerterp. Hy die dat mei in bakstien. Dêrnei is de fertochte fuortriden yn de auto. De plysje fûn de man yn in wenning yn Oerterp. Hy is meinaam nei it plysjeburo. Wat de oanlieding wie foar de fernielings is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)