Nijbeetse bliuwt langer fêst

18 aug 2010 - 17:13

De 25-jierrige Sietske H. fan Nij Beets bliuwt noch 90 dagen langer fêstsitten. Se wurdt fertocht fan it ombringen fan har fjouwer poppen.

De frou wie woansdei sels net by de sitting fan de riedkeamer. Se wurdt fertocht fan it ombringen fan fjouwer poppen tusken 2002 oant 2010. Se hat al bekend. Foar dit misdriuw kin se maksimaal 12 jier sel krije. De frou bliuwt yn beheining. Se mei inkeld mei de advokaat kontakt ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)