Nij ynfosintrum oer guozzen

16 jan 2002 - 00:00

Der komt in nij guozze-ynformaasjesintrum oan de Lauwerswei. Dat makke wethâlder Lalkens fan Dongeradiel bekend. It sintrum komt yn de saneamde Banthoeke dêr't hûnderten bisten winters ite.

It sintrum wurdt opset yn de mande mei Nasjonaal Park Lauwersmar en it Natuermuseum yn Dokkum. De kosten wurde rûsd op ien miljoen euro. Oer trije jier moat it klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)