Nij ynformaasjepunt medisinen

15 okt 2014 - 18:23

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hat him as earste soarchferliener yn Fryslân oansletten by it 'Landelijk Schakelpunt'. Fia it digitale systeem is ynformaasje op te freegjen oer medisinen dy't pasjinten brûke. Betingst is wol dat pasjinten tastimming jûn hawwe foar it opnimmen fan har gegevens yn it systeem. Mei it systeem moatte flaters foarkaam wurde.

De ferwachting is dat mear Fryske soarchoanbieders har oanslute sille by it skeakelpunt. In regionaal systeem dat mei it selde doel brûkt waard foldocht net mear oan de regels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)