Nij wynmûnepark A7 iepene

07 maaie 2009 - 16:43
  • De wynmûnen fan 78 meter

Minister Jacqueline Cramer fan VROM hat tongersdei it nije wynmûnepark A7 by Wytmarsum iepene. De mûnen binne mei har 78 meter de heechsten fan Fryslân. De fjouwer nije mûnen ferfange tolve âlde lytsere mûnen.

De iepening fan it nije park is tagelyk it startskot foar de sloop fan dy mûnen. De earste is tongersdei al demontearre. It wynmûnepark A7 leveret stroom foar sawat 10.000 húshâldens en is dêrmei it meast enerzjy-opwekkende park fan Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)