Nij wyksintrum foar Westeinde?

30 maaie 2002 - 00:00

De Ljouwerter wyk Westeinde liket no dochs in nij wyksintrum te krijen. De wykferiening en de Stichting Palet presintearren de plannen woansdei oan wethâlders Krol en Hafkamp.

Yn it multifunksjonele gebou komt in supermerk en berne-opfang, mar ek soarchynstelling Palet kriget der in plakje. De gemeente stipet de plannen, mar wol noch gjin jild tasizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)