Nij wurkwize skuldsanearring

24 nov 2008 - 20:58

Yn hiel Noardwest-Fryslân komt mei yngong fan 1 jannewaris in nije wurkwize foar help oan minsken mei in skuld. It krijen fan skulden is meastentiids it gefolch fan ferskate problemen. Dêrom wurde de mienskiplike Kredytbank, maatskiplik wurk en ferslavingssoarch noch better by de tsjinst sosjale saken belutsen.

Der is dit jier al in proef holden yn trije gemeenten en mei sukses. By rom 40% fan de belutsenen koe foarkommen wurde dat se nei de Kredytbank moasten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)