Nij wurk yn Pier Pander-timpel

19 maaie 2010 - 18:56

It Histoarysk Sintrum Ljouwert hat it foar elkoar krigen om in tentoanstelling yn it Pier Pander-museum te krijen. Dat is noch net earder slagge. De famylje fan de ferneamde Fryske byldhouwer joech oant no ta gjin tastimming foar oare tentoanstellings, omdat it museum spesjaal foar Pander boud is.

Fan 5 juny oant 26 septimber sil der in eksposysje te sjen wêze fan de Fryske skilder Thomas Cool. Dat is in tiidgenoat fan 'e byldhouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)