Nij wettersintrum yn Ljouwert

11 jan 2012 - 15:18

It nije Centre of Expertise Watertechnology yn Ljouwert is goed foar de kânsen fan Wetsus op jild út Den Haag. Dat sei steatssekretaris Halbe Zijlstra by de offisjele iepening fan it nije sintrum dat yn opdracht fan bedriuwen siket nei nije en kommersjeel oantreklike, wettertechnyk. Undersyksynstitút Wetsus krijt dit jier noch jild, mar hoe't it dernei komt, is noch ûnwis. Dêr beslút it kabinet dit jier oer. It nije sintrum moat de ferbining foarmje tusken it wittenskiplike ûndersyk en it bedriuwslibben. It makket de posysje fan Wetsus ek sterker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)