Nij wervingsburo yn Dokkum

02 feb 2007 - 21:09

It wervingsburo Optima yn Dokkum iepent yn maart syn doarren. Dit bedriuw hellet minsken mei in hege opleiding út it bûtelân, dy't hjir oan it wurk kinne. Benammen yn sikehûzen en yn de technyk is ferlet fan minsken mei in hege oplieding.

Optima hat syn haadkantoar yn Praach, dêr't geskikte kandidaten útsocht wurde. Optima Dokkum pleatst dizze minsken by Fryske bedriuwen. It grutste part komt út East-Europa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)