Nij wenkonsept moat Winsum leefber hâlde

15 jun 2015 - 20:05

De wurkgroep 'Wenje yn Winsum' wurket gear mei wenningkorporaasje Elkien en ferskate ûndernimmers om de leefberens yn it doarp te ferbetterjen. Dêrfoar hawwe se in plan ûntwikkele foar de bou fan (sosjale) hier- en keapwenten, bedriuwsromtes en in saneamd 'Vriendenerf'. Dit binne in tal wenten foar âldere minsken. Ek binne der mienskiplike romtes. Dit konsept soarget derfoar dat minsken langer thús wenjen bliuwe kinne.

De wenten komme op de Driehoek yn Winsum, in lokaasje yn it doarp dêr't al in pear jier lyn huzen sloopt binne.

De wurkgroep hâldt tongersdei in spesjale wenbeurs oer de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)