Nij wenkompleks yn Drachten

12 maaie 2004 - 00:00

In mearderheid fan de gemeenterie fan Smellingerlân hat tiisdeitejûn ynstimd mei de komst fan in wenkompleks op de hoeke fan de Leidyk en de Middelwyk yn Drachten. It kompleks mei 36 wenten is in inisjatyf fan de stifting Noorderbrug, in stifting dy't soarch jout oan minsken mei in handikap.

Omwenners fan it nije kompleks binne net bliid mei de komst, om't it op plakken 12 meter heech wurdt. Ek in diel fan de rie fynt dat te heech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)