Nij Waadsintrum op Lauwerseach

23 nov 2010 - 15:04
  • It Waadgebiet fan boppen sjoen

Yn Lauwerseach komt in ynformaasjesintrum foar it Waad. Takom maitiid giet it iepen. De Natuerskoalle Grinslân en Villa Zeezicht hawwe it foartou naam foar it sintrum. Beide ûndernimmers soene graach finansjele stipe fan de provinsjes Grinslân en Fryslân hawwe wolle. Mar ek as dy der net komt, giet it sintrum los. Neffens Huysman fan de natuerskoalle is it heech tiid dat der sa'n ynformaasjesintrum foar it Waad komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)