Nij unifoarm foar brânwacht Nijhoarne

10 mrt 2015 - 16:11

De brânwacht fan Nijhoarne hat as earste yn Fryslân it nije brânwachtunifoarm krige. De âlde unifoarms wiene al sân jier âld en hienen in soad mankeminten. De nije unifoarmen binne wat lichter, konfortabeler, mear wetterticht en fjoerfêst en foldogge oan de nije Europeeske regels. De pakken kostje 750 euro it stik.

Mei-inoar sille de kommende fiif jier yn Fryslân 900 brânwachtunifoarms ferfongen wurde. Op dit stuit binne al 350 nije brânwachtpakken klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)