Nij ûndersyk takomst De Welle

15 sep 2009 - 18:41

Der komt in nij ûndersyk nei de takomst fan swimbad De Welle yn Drachten. De gemeente Smellingerlân krijt dêrfoar 50.000 euro fan de provinsje. Der hat earder ûndersyk west nei de takomst fan De Welle. It gie doe foaral om renovaasje en nijbou fan it swimbad.

Smellingerlân wol no sjen oft der in 50 meterbad oanlein wurde kin. Dat bad is dan bedoeld foar profesjonele swimwedstriden. Der wurdt ek sjoen nei gearwurking mei Sportstad Heerenveen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)