Nij ûndersyk saak De Vrieze

09 aug 2013 - 08:31

De bloedspoaren yn de saak fan de fermiste Michael de Vrieze út Boerum wurde op 'e nij ûndersocht. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert witte litten. De bloedspoaren waarden oantroffen yn in wenning fan in 36-jierrige man fan Turkse komôf yn Grins. Dy is yntusken troch de rjochtbank feroardiele ta tolve jier selsstraf.

Neffens de advokaat fan de fertochte is it grutste part fan de bloedspoaren yn it hûs nea ûndersocht. Boppedat sille op 'e nij tsjûgen heard wurde. De behanneling fan it heger berop is útsteld.

Michael de Vrieze ferdwûn yn april 2010. Syn lichem is nea fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)