'Nij ûndersyk nei oven Harns'

23 nov 2009 - 13:47
  • De juridyske striid om 'e ôffaloven is noch net oer....

It ûndersyk nei de ôffaloven yn Harns moat troch de Ried fan Steat weriepene wurde. Dat fynt Henri Sarolea, de advokaat fan in groepke omwenners. De saak hat yn oktober al foar west, mar der soe nije ynformaasje wêze oer de steamliedings dy't fan de ôffaloven nei it sâltfabryk rinne foar it leverjen fan enerzjy.

In part fan dy liedingen is net yn de miljeufergunning meinommen. Dat hie wol moatten, seit de advokaat. Hy wol dat hjir nij ûndersyk nei dien wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)