Nij ûndersyk nei finzenissen

02 maaie 2013 - 10:13
  • Finzenis De Marwei yn Ljouwert

Gemeenten yn Noard-Hollân dogge meielkoar in second opinion-ûndersyk nei wat it kostet om 30 finzenissen te sluten. Dat hat boargemaster Ter Heegde fan Heerhugowaard sein. Hy is benaud dat de kosten foar gemeenten heger wurde as aanst wurke wurdt mei ankelbannen yn stee fan selstraffen foar feroardielden.

As de minsken mei ankelbannen gjin wurk ha, moatte se in útkearing oanfreegje en dat moatte de gemeenten nei alle gedachten betelje. Ek wurdt ûndersocht wat it ûntslach fan personiel kostet.

Steatssiktaris Teeven wol flink besunigje op finzenissen. Foar de PI Leeuwarden betsjut it ûnder oare dat der mear minsken op ien sel komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)