Nij ûndersyk fûgels Bullepolder

09 jul 2002 - 00:00

De gefolgen dy't de bou fan filla's yn de Bullepolder foar de fûgels hat, wurdt op 'e nij ûndersocht. De gemeente Ljouwert hat dat besletten nei útspraak fan de bestjoersrjochter. Dy sei dat de earste twa jier net boud wurde mei.

Neffens miljeudefinsje is de bou skealik foar de guozzen yn it gebiet. Op 10 augustus moat it nije ûndersyk klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)